Twa briedflotten mei keunstnêsten moatte Amelanner stirnzen helpe

Op It Amelân wurde keunstnêsten ynset om kust- en strânbrieders te helpen, omdat dy net langer in geskikt, natuerlik briedplak fine kinne. Dat spilet no oan de Waadseekant op kwelder de Feugelpôlle.
Dizze briedflotten helpe de Amelanner stirnzen:
De tûzenen klikstirnzen dy't der ea bretten, binne allang ferhuze nei benammen Teksel. Ek it tal oare soarten stirnzen dat der briedt, wurdt alle jierren lytser. "Sy binne der net mear", seit foarsitter IJme Brijker fan de fûgelwacht Hollum-Ballum. En dat past ek yn in lanlike trend.
Neffens ekologe Denise Roffel fan Rykswettersteat is dêr in ferskaat oan oarsaken foar. "Het verschilt per plaats wat er aan de hand is, maar op sommige plekken hebben ze last van verstoring en op andere van overstroming of is de broedgelegenheid gewoon niet goed aanwezig. Hier op Ameland zien we dat de populatie langzaam achteruitgaat."

Briedflotten

In strukturele oplossing fine, kostet tiid, seit Roffel. "Er is hier iets aan de hand en je wilt er graag een natuurlijke oplossing voor vinden. Maar daar is tijd voor nodig en dan heb je dit als tijdelijke oplossing."
Sy doelt dêrmei op twa briedflotten dy't no binnendyks yn de Lange Sleat dellein binne yn opdracht fan Rykswettersteat. Op de flotten is romte foar maksimaal tweintich briedpearen. It binne saneamde koloanjebrieders dy't graach ticht opinoar sitte.
De twa flotten binne mei hurde wyn it wetter yn takele, wêrnei't se troch manlju yn waadpakken op sleeptou nei it goede plak ferfierd wurde. Sinkstiennen moatte derfoar soargje dat de flotten op harren plak bliuwe. De fûgelwacht hâldt by wat der krekt op de flotten bart de kommende tiid.
De earste wytstirnzen binne al wer sjoen op it eilân. Dan is it fansels wol saak om ek wat oan de natuerlike briedplakken te dwaan.
Natuurmonumenten hat bygelyks mei Vogelbescherming Nederland yn it projekt Wij en Wadvogels plannen om briedeilannen oan te lizzen oan de Waadkant fan Skiermûntseach en ek mear romte te jaan oan briedende fûgels yn de Westerplas. Binnendyks op it fêstelân is ek it nedige realisearre.

Goede hoop

Roffel: "We zijn er natuurlijk wel mee bezig in het Waddengebied samen met andere natuurbeheerders, heel veel mensen en heel veel initiatieven. Dus we hebben goede hoop dat er in de komende jaren wel iets kan worden gedaan aan de natuurlijke habitat van de visdieven en de noordse sternen."