Krityk op Lunatomerke Ljouwert op gersfjild: "Een smerige bende"

De Lunatomerke yn Ljouwert is dit jier op in oare lokaasje. De merke dy't jierren op it Cambuurplein stie, is no op de fjilden efter it stadion te finen. De eksploitanten en besikers binne der net bliid mei.
"De kermis bestaat al meer dan vijftig jaar op het Cambuurplein":
"Wij willen graag op het plein, alleen de gemeente geeft de vergunning niet af omdat de winkeliers tegen zijn", seit merke-eksploitant Gerrit Hoekstra. Al is dat neffens Hoekstra net hielendal earlik. "Lunato bestond al voordat die winkeliers kwamen."

Lytse merke

Meardere eksploitanten kamen net of giene wer fuort doe't harren attraksje fuortsakke op it wiete fjild. "Het is eigenlijk een kleintje kermis, normaal staat er veel meer", seit Hoekstra.
Ek de besikers binne der net wiis mei. "Het is gewoon tien keer niks", seit ien fan harren. "Een smerige bende", fettet in oar gear.
De Lunatomerke yn Ljouwert © LEO Middelsé, Sierd Dedden
Neffens de gemeente Ljouwert binne de sportfjilden op it stuit de iennige opsje, omdat der mear winkels oan it Cambuurplein kaam binne. As yn de takomst it Cambuurstadion ferpleatst wurdt, sil der opnij nei de lokaasje sjoen wurde.