Jaap Mulder hâldt op mei Di Gojim, mar bliuwt syn passys folgjen

Nei 33 jier hâldt Jaap Mulder op mei Di Gojim, dêr't er oprjochter en frontman fan is. Hy is no muzikaal op 'en paad mei syn soannen en hat in soad oare projekten dêr't hy drok mei dwaande is.
Mulder hat 33 jier yn it fak sitten. No hâldt er op, hy hat moaie tiden hân en it wie in grut part fan syn libben. "Als ik hier zo zit dan denk ik wel 'verdomme', maar dan herinner ik me weer hoe het op het einde was."
Jaap groeide op yn Ljouwert. Yn syn húshâlding wie der gjinien echt mei muzyk dwaande, al hat syn pake wol klarinettist west. Jaap fielde wol it ferlet om muzyk te meitsjen, mar moast kieze tusken fuotbal en muzykles. "Want ja, er was geen geld."

Op in gegeven stuit fûn er in trompet by it ôffal, dêrop hat er spyljen leard. Syn omke hie der genôch fan en soarge derfoar dat er by in orkest spylje koe. Hy kaam dêr wer op 'e nij yn 'e kunde mei de klarinet "Dat was mijn droom, alles wat ik wist was dat mijn opa klarinettist was."

Wrâldmuzyk

By it orkest moete er in fluitiste en fia har kaam er yn oanrekking mei wrâldmuzyk en spile yn in Wrâldorkest. Hy kaam dêr Tjeerd Nouta en Herman Peenstra tsjin en mei-inoar makken sy allerhanne muzyk.
Jaap Mulder oer muzyk en skiednis
Doe't Mulder foar it earst Jiddyske muzyk hearde yn in kafee, waard er entûsjast. "Op een dag zit ik daar en ik hoor muziek, ik kan het niet plaatsen, maar ik vind het schitterend. Het was Jiddisch. Ik had wel Jiddisch gelezen, maar toen hoorde ik de taal zelf en ik was verkocht."
Yn Noardewyn, alle dagen troch de wike te beharkjen fan 18.00-19.00 oere, besteget presintator Willem de Vries omtinken oan de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde live-optredens jûn.
Fan doe ôf begûn Jaap in soad mei it Jiddysk te spyljen en sammele hy allegearre platen mei Jiddyske muzyk. Yn 1988 ûntstiet sa ek mei Tjeerd Nouta en Herman Peenstra Di Gojim. "Na het eerste optreden hebben we besloten om er een theatrale act van te maken, dat was het begin van een andere podiumpresentatie."
Jaap ferhuze nei Amsterdam en regele allerhanne saken foar Di Gojim, sa koene sy al reedlik gau in soad optrede en wiene sy it earste profesjonele klezmerorkest fan Europa.
Jaap Mulder by syn berteplak yn de Potmarge © Simone Scheffer
Nei 33 jier hâldt Jaap op mei Di Gojim. "Het is mijn leven geweest voor een hele lange tijd. Zolang je drie-vier keer per week met elkaar op het podium staat heb je de bindende werking van het spelen, maar dat is door corona weggegaan. Plotseling krijg je dan inzicht wie er wel en niet toe doet, en wie er wel of geen oog voor je noden heeft. Dat heeft mij tot een bepaald inzicht gebracht na een aantal incidenten."

Mulder & Sons

Jaap giet fierder mei syn band dy't er mei syn soannen opset. "Als vader is het een droom om met je zoons te spelen. Ruben speelde piano, dat ging heel natuurlijk. David ging naar de metalkant, die vond het eerst maar niks wat we deden." Uteinlik rekke David wol ynteressearre en sy steane no mei-inoar en op it poadium.
Ek docht Jaap in soad mei skiednis en jout er lieding oan ferskate projekten op skoallen. Op it stuit wennet Mulder yn Frankryk. Hy genietet al fan jongs ôf fan sjansons en spilet yn Frankryk mei op de cd fan in sjansonnier. "De muziek is mijn professie en de historie is mijn hobby en dat komt soms heel mooi bij elkaar."