Q&A: Gjin Schulting op it WK shorttrack, wat bliuwt der noch oer?

Suzanne Schulting gie foar de hattrick op it WK fan kommend wykein, mar troch corona mei se net meidwaan. Wa dogge der wol mei en wat binne harren kânsen? Sportferslachjouwer Roelof de Vries leit út.
Roelof de Vries © Omrop Fryslân
Suzanne Schulting wie wer de grutte favoryt. Flinke domper fansels. Hoe is it mei har?
"Se sit der wol efkes trochhinne. Se fielt har supergoed en as je dan sa'n toernoai misse, nei salang traine, dan binne je, sa as se sels sei, hielendal leech."
Wa is no de favoryt by de froulju?
"Ariana Fontana is der net by. De Italiaanse wie yn Peking hiel goed. Ek de Amerikaanse Kirsten Santos is der net. De Kanadezen binne der wol. Yn eigen lân sjoch ik Kim Boutin en Courtney Sarault as serieuze konkurrinten. De Koreanen binne altyd gefaarlik, mar dat jildt foaral foar Min-jeong Choi. Wat my oanbelanget is sy de grutte favoryt."
In finaleplak soe hiel moai wêze.
Sportsjoernalist Roelof de Vries oer Rianne de Vries
Hokker Nederlanners dogge der no mei?
"De iene syn dea, is de oar syn brea. Suzanne Schulting hat corona, mar Selma Poutsma hie corona. Dy is weromflein nei Nederlân, meardere kearen negatyf test en sy fljocht no wer werom. Har yndividuele plak wurdt ynnaam troch Rianne de Vries fan Akkrum. Yara van Kerkhof nimt it plak oer fan Suzanne Schulting. Mar fan beiden meie we gjin wûnderen ferwachtsje. It heljen fan heale finales kin absolút. In finale soe super wêze. Xandra Velzeboer is de tredde Nederlanner en har set ik wol by de favoriten, krekt efter Choi, Boutin en Sarault."
Wie it meidwaan oan de relay noch yn gefaar?
"By de froulju wol. Se ha fiif froulju meinaam nei Kanada. Poutsma wie werom nei Nederlân, mar wurdt no wer ynflein, sadat der dochs fjouwer froulju binne om oan de relay mei te dwaan."
Rianne de Vries © Orange Pictures
Ha de coronapandemy en de oarloch yn Oekraïne noch ynfloed op it dielnimmersfjild?
"Jawis, Sina en Ruslân dogge net mei. By de manlju dogge sadwaande titelkandidaten Semen Elistratov en Ziwei Ren net mei."

We ha it noch net iens hân oer Sjinkie Knegt, hoe sit it dêrmei?
"Hy docht wol mei, mar hy heart gewoan net by de favoriten. In finale helje kin, in medalje pakke soe super wêze. Ik bin wol benijd hoe goed oft hy no is. De Spelen wiene in teloarstelling, mar echt min wie hy dêr net. Op de relay hie hy gjin gelok en yndividueel pakte it krekt net goed út. Foar Itzhak de Laat jildt eins itselde: in finale kin. Mar dan moat wol alles goed gean foar de kening fan de B-finales. By de froulju dogge yndividueel trije Nederlanners mei, by de manlju twa."
It WK yn it Kanadeeske Montreal is fan freed oant en mei snein. Freed binne de foarronden, sneon sette de wedstriden útein om 19.30 oere en de lêste finales binne om 23.00 oere. Snein is it toernoai fan 19.30 oere ôf te folgjen en binne de relayfinales om 22.00 oere.
Dogge der noch mear Friezen mei?

"As bûnscoach Jeroen Otter se opstelle wol, sille Sven Roes en Rianne de Vries útkomme op de relay. By Roes twivelje ik dêr net oan. De Vries hat mei Van Kerkhof en Velzeboer twa foar har dy't der wol wis fan binne dat se meidwaan sille. Selma Poutsma like mei de Spelen wat minder."

It is yntusken april, de measte minsken sille net sa gau mear oan shorttrack tinke. Wêrom is der no nochris in WK?

"Fanwegen de oarloch en corona hat de ISU, de ynternasjonale reedrydbûn, it WK fan heal maart ferskood nei dit wykein. In soad shorttrackers en coaches wiene lulk oer dit beslút. No moatte se langer troch mei trainen en guon riders hiene harren fakânsje al boekt. Boppedat gean guon iisbanen al ticht. Thialf hie lykwols it iis langer beskikber steld foar de shorttrackers."
Sportferslachjouwer Roelof de Vries