Miljoen foar ûndersyk nei takomst fan de lânbou op Skylge

Mear as in miljoen euro wurdt stutsen yn in breed ûndersyk nei de takomst fan de lânbou op Skylge no't it klimaat sa feroaret. Dêrtroch komme de boeren yn de problemen, want it wurdt hieltyd drûger en it wetter driget hieltyd sâlter te wurden.
Undersyk nei klimaatsekere takomst lânbou op Skylge
Hegeskoalle Van Hall Larenstein mei ûndersyksynstitút Deltares en noch in hiel soad oare partijen besykje yn fjouwer jier tiid oplossingen te finen foar dy klimaatproblemen dy't sawol foar de lânbou as de natuer goed útpakke.
It doarp Formearum op Skylge © Shutterstock.com (HildaWeges Photography)
Dat kin bygelyks troch swiet wetter langer fêst te hâlden, mar ek troch gers en krûden te brûken dy't net safolle wetter nedich hawwe. De resultaten fan dizze oanpak binne as it goed is ek op oare Waadeilannen te brûken. Fansels is it net it earste ûndersyk yn syn soart, mar oant no ta is benammen sjoen nei de lânbou en minder nei melkfeehâlders.

Dunen

It inisjatyf foar dizze oanpak, komt fan it eilân sels. It Waddenfonds betellet hast in miljoen euro mei oan it projekt. Yn de polder dêr't de boeren buorkje, sit in relatyf tinne laach swiet wetter ûnder de grûn, mar it measte swiete wetter is yn de dunen te finen. Dat wetter is ek wichtich foar de natuer bûten de polder. Sa kinne in soad blomrike dúnfalleien net sûnder in hege wetterstân bestean bliuwe.