Wetterskip wol wynmûnen Nij Hiddum-Houw keapje

Wetterskip Fryslân hat in prinsipebeslút nommen oer de keap fan 50 prosint fan de oandielen fan wynpark Nij Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk. It Wetterskip wurdt dan mei de gemeente Súdwest-Fryslân eigener fan fjouwer wynmûnen.
Wynpark Nij Hiddum-Houw yn oanbou © Omrop Fryslân
Wetterskip Fryslân wol yn 2025 alle enerzjy dy't sy ferbrûke duorsum opwekke. "Dielnimme yn it wynpark is in prachtige kâns om enerzjyneutraal te wurden", seit bestjoerder Annet van der Hoek.

44 miljoen

"Wy hawwe al in hiel soad sinnepanielen op ús wettersuveringen pleatst. En allerhande oare inisjativen naam om enerzjy te besparjen en duorsum op te wekken. Mar alle enerzjy duorsum opwekke is foar ús net helber sûnder wynenerzjy."
De fjouwer mûnen kostje 44 miljoen euro. It Wetterskip en de gemeente ynvestearje beide 7 miljoen euro. De rest fan it jild komt fan in liening en de útjefte fan obligaasjes. It Wetterskip wol de opbringsten dan de mûnen brûke foar it ferduorsumjen fan it wetterskipswurk.