Nije opfanglokaasjes Oekraynske flechtlingen yn Snits en Menaam

Der komt in twadde, gruttere opfanglokaasje foar Oekraynske flechtlingen yn Súdwest-Fryslân. It Amicitiahotel yn Snits sil 100 minsken opfange. De gemeente hat in kontrakt tekene mei it hotel. Ek yn de gemeente Waadhoeke is der in nije opfanglokaasje bekendmakke.
Flechtlingen by de trein © Omrop Fryslân
De gemeente tinkt net dat it hjir by bliuwt, se ûndersykje noch in pear opsjes.

Galamadammen

Wannear't de earste minsken komme, is net dúdlik. De kommende dagen wurdt it hotel ynrjochte foar de opfang. De gemeente is ferantwurdlik foar de opfang, mar ek foar in soad oare saken, lykas soarch, medyske saken en ûnderwiis.
Boargemaster Jannewietske de Vries oer de opfanglokaasje yn Snits
De oare opfanglokaasje yn Súdwest-Fryslân is hotel Galamadammen. Dêr kinne 150 minsken wenje. Der binne op dit stuit 120 minsken opfongen.

Tredde opfanglokaasje Waadhoeke

Ek de gemeente Waadhoeke hat in nije opfanglokaasje bekendmakke. Yn wensoarchsintrum Nij Statelân yn Menaam wurdt in fleugel ynrjochte foar flechtlingen út Oekraïne. Nei alle gedachten giet it om 25 oant 30 flechtlingen. De gemeente wol de lokaasje ein april klear hawwe foar de Oekraïners.
Sjoch hjirûnder hoefolle flechtlingen oft yn dyn gemeente opfongen wurde (klik hjir om de kaart better te besjen):