Casa bliuwt foarearst iepen

24 nov 2011 - 11:29

Jongereinsintrum Casa op It Hearrenfean bliuwt noch oan de ein fan 2012 iepen. Dat hat de gemeente tongersdei witte litten. It sintrum sit yn itselde gebou as diskoteek Gossip. Dy is sletten en it gebou is te djoer foar allinnich it jongereinsintrum.

De gemeente Hearrenfean wol oar jier ûndersykje hoe't it fierder moat mei de finânsjes en mooglike oare lokaasjes. Neffens de gemeente is der troch de jongerein en troch wolwêzensorganisaasje Caleidoscoop in soad opboud en wol Hearrenfean Casa dêrom net samar slute. It sintrum is in fêst moetingsplak wurden foar in grutte groep jongerein.

Trefwurden: 
Casa
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)