Minister winsket F-35's fan fleanbasis Ljouwert sukses

Fjouwer gefjochtfleantugen fan de fleanbasis Ljouwert binne oankommen yn Bulgarije. Minister Kasja Ollongren fan Definsje winsket se sukses ta.
Minister OIllongren (links) sjocht by Frisian Flag nei fuortfleanende fleantugen © ANP
De F-35's fleane nei Bulgarije om it NAVO-loftrom te ferdigenjen yn ferbân mei de oarloch yn Oekraïne. De minister fan Definsje pleatste in tweet mei in boadskip oan de bemanning:
De minister wie ein maart sels ek op de Fleanbasis Ljouwert oanwêzich by de ynternasjonale loftmachtoefening Frisian Flag. Dêr seach se mei luitenant-kolonel Olivier Bok nei de fuortgeande jachtfleantugen.