Valentina Tóth wint twa prizen op Amsterdams Kleinkunst Festival

Kabaretiêre Valentina Tóth fan Aldtsjerk hat tiisdeitejûn op it Amsterdams Kleinkunst Festival de Sonneveldprijs wûn. Ek wûn se de publykspriis. Dat bart net faak.
© Anne van Zantwijk
Valentina Tóth (1994) is aktrise, teätermakker en muzikante. Se sjongt, spilet piano en skriuwt ferskes. Har wurk is in miks fan teäter, klassike muzyk, klienkeunst en opera.
Se krige de priis foar de foarstelling Wildbloei, dy't se in 'een ode aan de hysterische vrouw' neamt.
Neffens de sjuery is se 'een fenomenaal performer die snel en goed tussen de verschillende typetjes en nummers kan schakelen. Zij weet dat te combineren met virtuoos pianospel, een fantastische zangstem en goed gecomponeerde nummers.'
Valentina Tóth oer har priis en har nûmer
It Amsterdams Kleinkunst Festival waard foar de 35ste kear organisearre. Ald-winners binne Thomas Acda, Maarten van Roozendaal, De Vliegende Panters, Pieter Derks, Van der Laan en Woe, Yentl en de Boer. De priis is neamd nei sjonger en kabaretier Wim Sonneveld (1917-1974).