Tresoar ropt publyk op: set ferhalen of topstikken online en diel se

Tresoar ropt minsken op om ferhalen of topstikken online te setten en te dielen mei #mijnverhaalvanfryslan. It Frysk histoarysk en letterkundich sintrum bestiet dit jier tweintich jier.
Tresoar: de skatkeamer fan Fryslân © Tresoar
It ferhaal of persoanlik topstik kin yn in berjocht of in fideo op Facebook of Instagram set wurde. Dêryn moatte trije freonen oproppen wurde om itselde te dwaan, sa is it doel fan Tresoar.
It kin gean om fleurige of fertrietlike ferhalen, fan no of fan doe, koart of lang. Alles kin, as se mar in link mei Fryslân hawwe. Datselde jildt foar it persoanlik topstik.

De provinsje yn

Yn dit jubileumjier binne der mear aktiviteiten. Sa giet Tresoar ek de provinsje yn om bysûndere ferhalen fan in plak nei de minsken ta te bringen.
Bert Looper fertelt it ferhaal op dy lokaasjes. De âld-direkteur giet mei minsken yn petear oer de rol fan skiednis foar de takomst fan it doarp of de stêd. Doarpen en stêden kinne oanmeld wurde op de webside fan Tresoar.
Dêrneist litte meiwurkers fan Tresoar dit jier alle wiken online harren persoanlike topstikken sjen.
Yn septimber 2002 ûntstie Tresoar út in fúzje fan de Provinsjale Biblioteek, it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) en it Ryksargyf.
Ryksargivaris Douwe de Vries wie de earste direkteur. Bert Looper folge him yn 2007 op. Sûnt ferline jier is Rien Vrijenhoek ynterim-direkteur.