Trainer Jan Piet Bosma op non-aktyf by Harkemase Boys

Harkemase Boys hat trainer Jan Piet Bosma op non-aktyf set. De fuotbalklup stiet 13de yn de tredde divyzje en sit dêrmei yn de degradaasjesône.
Jan Piet Bosma © Orange Pictures
It beslút is naam fanwegen in searje fan minne resultaten fan de lêste moannen. Willem van Kammen, de assistint fan Bosma, nimt foarearst syn wurk oer.
"Het is nooit een gemakkelijke beslissing", skriuwt foarsitter Sippe Heeringa op de webside fan de fuotbalklup. "Maar in het belang van de club en lijfsbehoud in de Derde Divisie moeten we dit noodzakelijke en vervelende besluit nemen."
Harkemase Boys stiet op dit stuit 13de, mei twa punten foarsprong op nûmer 15, ODIN '59. De nûmers 15 en 16 fan de list spylje oan de ein fan it seizoen yn in neikompetysje mei perioadekampioenen út de haadklasse, mei as ynset twa plakken yn de tredde divyzje.
Harkemase Boys siket in ferfanger foar Bosma foar de rest fan it seizoen. Fan de lêste tolve wedstriden waard fiif kear gelykspile en sân kear ferlern.
Foarsitter Sippe Heeringa