Oplossing stikstofprobleem leit net yn opkeapjen 110 pleatsen, fynt deputearre

De provinsje Fryslân is net fan doel om 110 pleatsen yn Súdeast-Fryslân op te keapjen om it stikstofprobleem op te lossen. Dat seit deputearre Klaas Fokkinga as reaksje op de fûle krityk dy't hy krige op syn útfieringsprogramma stikstof.
Deputearre Klaas Fokkinga © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Benammen yn it súdeasten fan Fryslân wurdt it heech tiid om maatregels te nimmen fanwege de achterútgong fan gefoelige natuergebieten yn de streek.
Fokkinga wol dy maatregels safolle mooglik yn goed oerlis dwaan mei gebietskommisjes en neamt dat de 'Fryske oanpak'.

In emosjonele saak

Dat de provinsje de ôfrûne dagen fûle krityk krige út foaral de lânbouhoeke snapt, Fokkinga wol. It oanpakken fan it stikstofprobleem leit no ien kear gefoelich.
"Stikstof is fansels in hiel emosjonele saak. We besykje mei ús Fryske oanpak om mei-elkoar dizze problemen oan te pakken."
Mei-elkoar berikke we ek de bêste resultaten.
Deputearre Fokkinga wol alles yn oerlis dwaan
It idee achter de Fryske oanpak wie om alles yn oerlis te dwaan. Dat stiet noch oerein, seit Fokkinga. "Foar ús is der gjin inkelde reden om it oars te dwaan. Mei-elkoar berikke we ek de bêste resultaten."
Fokkinga hat dizze wike op besite west by boeren yn it gebiet. "We ha even praat. Dat wie in ferhelderjend petear. De minsken ha sein hoe't it by se oerkaam is, wy ha sein hoe't wy deryn steane. It is echt net de bedoeling dat we dy 110 bedriuwen opkeapje."

Boeren ree om op te hâlden

Hoefolle dan wol? "Dêr falt neat oer te sizzen. It is ien fan de opsjes, yn guon provinsjes gebeurt it al. Yn ús provinsje noch net. Mar yn dy hoeke is ek in oantal boeren bêst ree om op te hâlden. Dat kin helpe om de problematyk op te lossen."
Woansdeitejûn praat de Twadde Keamer mei de ministers Staghouwer en Van der Wal oer it oanpakken fan it stikstofprobleem.

'Fertrouwen yn provinsjale polityk skeind'

Yn Fryslân is kolleezjepartij CDA min te sprekken oer de oanpak fan Fokkinga. Hy soe de belutsen partijen yn Súdeast-Fryslân net goed yn it foar ynformearre hawwe en dêrmei is neffens it CDA it fertrouwen yn de provinsjale polityk skeind.