Lêste ynfojûn oer bou nije Cambuurstadion: "Grootste hobbels nu gehad"

Hoe komt it mei eventueel ljocht- en lûdsoerlêst by wedstriden fan SC Cambuur? En hoe sjocht de planning fan de bou fan it nije stadion derút? Op dy fragen krigen bewenners fan it WTC-gebiet antwurd by de lêste omwennersgearkomste yn tarieding op de bou.
Omwenners by de presintaasje yn it WTC Hotel © Omrop Fryslân
Der kamen tusken de hûndert en twahûndert omwenners ôf op de presintaasje fan Van Wijnen. De lêste gearkomste wie op 12 oktober. "Der is in hiel soad bard de ôfrûne moannen", seit Arjen Oosting, direkteur Projektûntwikkeling fan Van Wijnen.
"Yntusken binne de fergunningsstikken klearmakke, it is yntsjinne en hy is fergund. No binne we drok oan it útwurkjen en dêrom steane we hjir jûn ek. Om te fertellen oer de plannen safier as se no binne."

Ljocht en lûd

Dêrneist krigen de oanwêzigen in presintaasje fan in ljocht- en lûdsekspert oer eventuele oerlêst. Dêrút die bliken dat de ljochtoerlêst binnen de noarmen bliuwt. De lûdsoerlêst op de measte flakken ek.
Allinnich as Cambuur in wedstriid spilet op de jûntiid is de ferwachting dat de grins fan de gemiddelde lûdsdruk op guon plakken trochbrutsen wurdt. Mei ien desibel. De noarm leit tusken 19.00 en 23.00 oere op 45 desibel, wylst dy neffens it ûndersyk op guon plakken 46 desibel wurde kin.
Dat wurdt troch de partijen as akseptabel sjoen.
Omwenners besjogge de nije plannen © Omrop Fryslân
De sifers fleagen de besikers yn rap tempo om de earen. Dêrom wie der nei ôfrin de gelegenheid om mei de eksperts om tafel te gean. Dêrneist wurde der ek noch trije ynrindagen organisearre foar minsken mei fragen.
"Ik fyn it bêst yngewikkeld hoe't der praat wurdt oer ljocht en lûd, en allegearre dat soarte fan saken. Dêrom just wolle wy graach dat as minsken mei fragen sitte, se dy stelle kinne oan de eksperts", seit Oosting.

In soad enerzjy

Cambuur-direkteur Ard de Graaf skatte dat der sûnt 2014 sa'n 25 gearkomsten mei bewenners west hawwe oer de bou fan it nije stadion. Sûnt dy tiid seagen se út nei dizze lêste.
"De grootste hobbels hebben we nu gehad. We gaan de komende maanden ongetwijfeld nog wat tegenkomen, maar dat het nu gaat starten geeft veel energie", seit De Graaf.