'Stjonkfabryk' Sumar en REC Harns yn top 100 fan stikstofútstjitters

Twa Fryske bedriuwen hearre by de 100 bedriuwen yn Nederlân dy't de measte stikstof produsearje. In boer yn Eaststellingwerf stiet yn de 'top 100' fan ammoniakboarnen.
Sonac yn Sumar © Google Street View
De twa bedriuwen dy't in soad stikstof útstjitte, binne Sonac yn Sumar en de REC yn Harns. Sonac stiet op plak 70, de REC op 73.
Sonac - yn de folksmûle bekend as it 'stjonkfabryk' - ferwurket slachtôffal ta produkten yn bygelyks bistefretten. De REC is in ôffaloven fan Omrin.
De ôffaloven yn Harns © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Yn de list mei bedriuwen dy't it measte ammoniak útstjitte, stiet in feehâlderij yn Eaststellingwerf op it 68e plak.
It docht bliken út antwurden fan de minister fan Stikstof, Christianne van der Wal, op fragen fan it GrienLinks-Keamerlid Laura Bromet.
Fanwegen privacyredenen is by de feehâlderij net dúdlik makke om hokker bedriuw it krekt giet.

Tata, Schiphol en Shell

De grutste útstjitters fan stikstof binne bekende nammen, lykas Tata Steel, Schiphol en Shell.
It is net fuort sein dat de bedriuwen dy't it meast útstjitte, ek automatysk ferantwurdlik binne foar de measte stikstofdelslach.

Gefolgen natuer noch ûndúdlik

Bromet woe ek witte watfoar natuergebieten it meast rekke wurde troch de útstjit, mar dêr kin de minister noch gjin antwurd op jaan. Ynformaasje dêroer moat noch better sammele wurde. Letter moat dat helpe om goed yn kaart te bringen wêr't it wol goed giet, wêr net, en wat in goede oanpak wêze soe.