Resinsje Griene Sjippe: "Teäterkollektyf kiest foar kabaret"

Griene Sjippe is werom. Nei alle corona-ellinde bringt it teäterkollektyf no kabaret op 'e planken. It nijbakken duo Folkert Sijbrandij en Renee Fokkema, byinoar brocht troch artistyk lieder Hotze Karsten, leit de latte fuort heech.
Henk resinsearret © Henk te Biesebeek
Gean der mar oanstean: foar it earst mei-inoar op de planken. Foar it earst in hiele foarstelling sels folskriuwe. En dan gewoan op de webside je plak al opeaskje: melde dat it nei it weifallen fan Rients Gratama en Lytse Teake wer heech tiid is foar nij Frysk kabarettalint. Toe mar.

Op in wipwap

Wat dat oanbelanget, bringe de beide manlju in ferskaat oan ûnderwerpen foar it fuotljocht. De generaasjekleau, de oarloch yn Oekraïne, de komst fan flechtlingen, genderproblematyk, relaasjeterapy, de QR-koade en de konsumpsjemaatskippij. It komt allegear foarby.
It toanielbyld is dêrby tige funksjoneel: in grutte skeal fan hout, dy't troch de manlju ek as in wipwap brûkt wurdt. In bytsje minder, in bytsje mear. Sykje nei de balâns.

Sykje nei foarm

Mei dy titel 'Bytsje mear, bytsje minder' wolle Folkert en Renee njonken in maatskippijkritysk ek in humoristysk programma biede. Dat slagget har foar it grutste part.
De foarstelling komt nammentlik wat traach op gong. Under stimmige klassike pianoklanken komme twa mantsjes yn clowneske kostúms wat skruten it poadium op. Yn har debút as kabaretier sykje beide manlju dúdlik noch nei foarm en toan.

Peppie en Kokkie

Dat liedt bytiden ta hiel moaie sênes dy't in bytsje tinken dogge oan Laurel en Hardy, mar sa no en dan spitigernôch net fierder komme as nivo Peppie en Kokkie. Bygelyks as Folkert it publyk meinimt op 'ekskurzje' oer in tsjerkhôf.
Ferklaaid as frou siket se kontakt mei hegere machten en de siel fan ferstoarne minsken, dy't hjir begroeven lizze. "Ja, ik bin in sweefteef." Under harren bekende Friezen as Rense Westra en Lytse Teake.
Dy lêste lit it froutsje witte dat er mei har ferskining by it grêf efkes tinkt sels wer op de planken te stean. Ik tink dat net. Dêrfoar is it typke nammentlik krekt net fet en oertsjûgjend genôch.
Folkert Sijbrandij en Renee Fokkema © Omrop Fryslân
Dan docht ek bliken dat beide manlju teagearre yn ien sketch fan mearwearde foar it programma is. Prachtich is de sêne oer de nije Olympyske sport 'hobby-horsing', oftewol stokhynderje.
As berider fan syn dressuer- en springstokhynder wurdt Folkert ynterviewd troch de lêbich seurderige ferslachjouwer Renee. Hearlike humor en geweldich troch beiden spile. Griene Sjippe op syn bêst.

Besinning

Dochs wol it duo yn de earste kabaretfoarstelling net allinnich gekkichheid bringe. Sa soargje inkelde lieten, ûnder muzikale begelieding fan Erwin Hendriks en Rob Faltin, foar in lyts momint fan stilte en besinning.
Folkert wit it publyk op it gefoel te wurkjen as er as âldere homoseksuele man út in doarp de moed fynt nei de gay-parade yn de grutte stêd te gean en dêr yn alle feestfreugde himsels lang om let fynt. Mar ien kear werom dochs wer yn de kast krûpt. Moai.
Pianist Erwin Hendriks, Renee Fokkema en Folkert Sijbrandij © Omrop Fryslân
"Hawwe jimme wier foar dizze foarstelling betelle?" De fraach oan it publyk komt hast driigjend oer. Beide spilers geane oars mei regelmjittich de konfrontaasje mei de taskôgers oan. It yntreejild fan 18 euro giet lykwols net nei de beide kabaretiers, ek net nei de muzikanten. Dy't it, lykas fan âlds wend, mei konsumpsjebonnen dwaan moatte.

Steande ovaasje

Ik moast efkes tinke oan de lêste show fan de renommearre kabaretier Hans Teeuwen. Dy lit de taskôgers 40 euro betelje foar in stoel. 'Kassa', want de minsken laitsje dochs wol om him, wat er ek docht. Seit er sels. De kritiken en reaksjes op dizze foarstelling binne lykwols botte negatyf.
Griene Sjippe krige by de premjêre yn Mantgum in steande ovaasje. Terjochte. Hjir en dêr noch efkes byskave, in inkelde sêne wat koarter en der stiet in foarstelling dy't mear as de muoite wurdich is. En hooplik de kas fan it teäterkollektyf wer in bytsje spekke kin. Want de earste gearwurking fan Sijbrandij en Fokkema smakket nei mear!
Ferslachjouwer Henk te Biesebeek besprekt op sneontemoarn tusken 09.00 en 12.00 oere yn it programma Op & Ut alles wat him op kultureel gebiet ôfspilet yn Fryslân. De resinsjes fan de teäterfoarstellings dy't hy beskôget, ferskine ek op de webside fan Omrop Fryslân. Tips? Mail henk.tebiesebeek@omropfryslan.nl.