Snits kriget ekstra skoalle foar hûndert Oekraynske bern

Yn Snits komt der in twadde 'middelbere skoalle' by foar flechtlingebern. Dy ISK is foar Oekraynske bern. Doel is dat de twadde ISK op 9 maaie úteinset.
Oekraynske bern krije les yn De Harskamp by Ede © ANP
Op de ISK yn Snits sitte no sân of acht Oekraynske bern. Sy binne bliid dat se wer nei skoalle kinne, fertelt Cora van der Haar fan de ISK Snits.

Grôtfol

Mar by dy acht learlingen sil it seker net bliuwe, neffens Van Haar. De besteande ynternasjonale skeakelklassen sitte no al grôtfol mei bern fan flechtlingen dy't ûnder it COA falle. Dêr komme de Oekraynske bern noch by dy't mei de grutte flechtlingestream út dat lân wei komme.
Yn in soad Fryske plakken wurde gruttere groepen Oekraïners opfongen, bygelyks yn Grou. Yn oerlis mei de gemeenten wurdt no sjoen hoe dizze bern sa goed mooglik op te nimmen yn it ûnderwiissysteem.
De jongere bern komme trochstrings op de basisskoallen terjochte. Foar bern fan 12 oant 18 jier binne der de ynternasjonale skeakelklassen (ISK's).
Cora van der Haar
Der binne trije ISK's yn Fryslân: yn Ljouwert, yn Drachten - mei in dependâns yn Burgum - en yn Snits. Dat is net genôch en dêrom binne der plannen om yn Snits in twadde skoalle op te rjochtsjen foar maksimaal hûndert learlingen.
Foar hiel Fryslân komme der sa'n seishûndert ekstra learlingen by, ferwachtet Cora van Haar. It ISK hat tiisdei yn Snits in earste besichtiging fan in mooglike lokaasje om dêr les te jaan. It doel is om op 9 maaie út ein te setten mei de lessen.