Grut ûndersyk yn Waadsee nei fisk en fiskitende fûgels

De folsleine Waadsee wurdt yn twa wiken tiid yn maaie en oktober ûndersocht op it foarkommen fan 'pelagyske' fisken; dat binne fisken dy't net op de Waadboaiem libje, mar yn de romte dêrboppe.
In wytstirns boppe it Noarderleech © Remco de Vries
De ûndersikers binne ferbûn oan it saneamde Swimway-projekt en wolle tagelyk mei it fiskûndersyk ek ynventarisearje wêr't fiskitende fûgels sitte.
Dat by dit ûndersyk benammen sjoen wurdt nei fisken dy't wat heger boppe de boaiem libje, lykas spjirring of hjerring, is net sa frjemd; dy fisken binne makliker te fangen troch fûgels lykas stirnzen of seemokken dy't dêr ek fan ôfhinklik binne.

Sykje mei akoestysk ark

Ingrid Tulp (Wageningen Marine Research) is ferantwurdlik foar de wittenskiplike begelieding fan it Swimway- projekt en leit út hoe't ûndersyk dien wurdt: "We gaan vanuit alle zeegaten zigzaggend zo diep als we kunnen komen de geulen in."
Dat wurdt dien mei in skip dat akoestysk ark oan board hat. Tulp: "Dat is apparatuur die geluidsgolven uitzendt. Die stralen naar beneden toe en de vis reflecteert dat geluid. Dan krijg je een signaal binnen en op die manier kun je zien waar de scholen vis zich bevinden."
Spjirring, trijestikelich toarnderkes en glêsiel dy't bûten it gemaal fan Roptasyl fongen binne yn de Waadsee © Omrop Fryslân
Twa wiken lang wurdt sa yn kaart brocht wêr't dy foar de fûgels wichtige fisken binne. Yn deselde perioade wurde dan ek dy fûgels ynventarisearre. It jild dêrfoar is noch net regele, mar Tulp hat goeie hoop dat dat wol goed komt.
En dan wurdt it tiid om beide saken nêst elkoar te lizzen; de plakken dêr't de fiskitende fûgels sitte en de plakken dêr't dy fisken sitte. Dan kinne je sjen oft dy fûgels wol op it goeie plak sitte om oan fretten te kommen. Gewoanwei regelet dat himsels wol yn de natuer en der binne bygelyks ek wol klikstirnzen foarsjoen fan in stjoerderke om te sjen wêr't se harren fretten krekt fuorthelje.

Ferlet fan geskikte briedplakken

It tal geskikte briedplakken yn de Waadsee is eins net hiel grut. Dat komt mei troch de ynfloed fan de minske dy't der bygelyks foar soarge hat dat yn stee fan natuerlike wâlskanten no seediken binne of beset troch badgasten.
Of dat oars goeie briedplakken ferrûgje troch tefolle stikstof. Mei dêrtroch sjogge wy no bygelyks noardske stirnzen op dakken brieden en dat ek troch natuerbeskermers briedplakken oanlein wurde om wat te dwaan oan dat grutte ferlet oan in goede briedbiotoop. Dat moat dan wol op plakken dêr't de fûgels net te fier hoege te fleanen om oan fretten te kommen. En dêrby kin dit ûndersyk helpe.
Ingrid Tulp fan Wageningen Marine Research
Yn it Swimway-projekt wurkje in soad ûndersykspartijen gear om mear dúdlikhied te krijen oer de de betsjutting fan it Waad foar fisken. Dan giet it oer de Rijksuniversiteit Groningen, it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee (NIOZ) en Wageningen Marine Research (WMR). Ek oerheden lykas wetterskippen en Rijkswaterstaat dogge mei, mei ek in wichtige funksje foar de Waadferiening.