Ynterim-trainer Haar oer nederlaach: "Dit is een deceptie"

Sportklup Cambuur gie sneintemiddei by it debút fan ynterim-trainer Dennis Haar mei 1-2 ûnderút tsjin NEC Nijmegen. Haar hie nei ôfrin fan it duel mingde gefoelens: "Ik ben deels wel tevreden over het vertoonde spel, maar het resultaat is negatief. Dan is het een deceptie."
Haar fûn de start fan Cambuur 'erg ongelukkig':
Cambuur kaam al nei trije minuten mei 0-1 achter. Haar seach dat syn ploech dy teloarstelling goed ferwurke: "We hebben de rug gerecht met strijd en passie. Dan is de schade snel weer hersteld. Met publiek dat er de hele wedstijd achter heeft gestaan."
Haar woe yn it duel benammen striid sjen fan Cambuur. "Ik heb een strijdbaar Cambuur gezien, dat de inzet, motivatie en strijd altijd als basis moeten hebben. Voor het publiek en omdat je dan zelf makkelijker gaat voetballen."

'De 1-2 kunnen we onszelf verwijten'

Javier Vet makke de beslissende 1-2 doe't hy fan ôfstân frij úthelje koe. Dêr wie Haar net bliid mei: "Dat begint aan de rechterkant, waar we balverlies lijden. Dan is er geen druk op de bal, ik denk dat het een schot van wel dertig meter was. Een geweldige goal, maar dat kunnen we onszelf verwijten."
De trainer besocht noch in lykspul út it fjoer te slepen troch oanfallend te wikseljen: "2-1 achter in een laatste fase is geen hele fijne situatie. Met wissels proberen we nog terug te komen en krijgen we een aantal mogelijkheden. Het gevaar was er nog wel, maar het mocht niet baten, het was niet genoeg."

Smit makket syn debút

Neist Haar makke ek de 19-jierrige Milan Smit syn debút foar Cambuur. Hy ferfong yn de twadde helte spits Uldrikis. Gewoanwei spilet Smit syn wedstriden foar Jong Cambuur.
Debutant Milan Smit hearde yn it skoft dat hy waarmrinne moast:
Hy hearde ôfrûne freed dat hy snein by de wedstriidseleksje sitte soe: "Je debuut maken in de eredivisie is wel iets om trots op te zijn. Natuurlijk wil je je debuut afsluiten met winst, maar spelen voor 10.000 man vergeet ik nooit meer."
Smit skoarde ek noch hast: "Dat is de droom van iedere voetballer, scoren bij je debuut. Maar goed, ik hoop nu dat ik vanaf nu aan kan haken bij de eerste selectie."