Plysje konstatearret in soad oertrêdingen by ferkearskontrôle op Skylge

By in plysjekontrôle op Skylge hat de plysje sneontejûn ferskate oertrêdings konstatearre. Dat skriuwt de plysje fan it eilân op Facebook.
© ANP
Sa die bliken dat ferskate persoanen dronken achter it stjoer sieten, waard der in mes fûn yn ien fan de auto's, hie ien persoan drugs by him, waard der riden mei in rydbewiis dat net jildich wie, hie in auto gjin jildige APK en ek wie der in oanhinger sûnder ljocht.
De plysje hat fierder noch ferskate warskôgings útdield foar lytsere oertrêdingen. Ek seit de plysje ynkoarten faker te kontrolearjen.