Gas út it fabryk: Willem Meijer (95) groeide op by it eardere gasfabryk yn Dokkum

De measten fan ús witte hjoed-de-dei net better as dat gas oppompt wurdt út de grûn. By ierdgas is dat fansels ek sa, mar eartiids kaam gas út in fabryk: it gasfabryk.
Willem Meijer © Omrop Fryslân, René Koster
De gashâlder yn Snits, dêr't Snakeware no syn bedriuw yn hat, is ien fan de oerbliuwsels. Yn Dokkum is al lang neat mear te finen fan it eardere gasfabryk. Dêr waard yn 1845 begûn mei in partikuliere gasfabryk. Yn de begjinjierren waard it gas benammen brûkt foar de strjitferljochting en de ferwaarming fan in pear tsjerken.
Begjin 1900 kaam op de Van Aitsemadwinger in gemeentlike fabryk foar stedsgas, dat oant begjin 60'er jierren syn wurk die. Doe krigen ek hieltyd mear partikulieren in gasoansluting mei in saneamde muntgasmeter. Troch in gasmunt yn de meter te dwaan, koest gas ôfnimme oant dat tegoed op wie. Sa waard der dus foarútbetelle.
In kleurefoto fan it eardere gasfabryk yn Dokkum © Kolleksje Museum Dokkum (fia De Sneuper fan de Historische Vereniging Noordoost-Friesland)
It stedsgas waard makke út stienkoal. Yn grutte ovens waard de stienkoal hjit makke, sadat it gas frijkaam. Byprodukten wiene benamme cokes en koaltarre. De cokes waarden wer as brânstof brûkt en de tarre as houtbeskermer by skippen. It gas sels waard suvere en yn de gashâlders op druk brocht.
It gasfabryk yn Dokkum bestie út meardere gebouwen en twa grutte gashâlders, eins in soarte fan doarpke op himsels. Alteast, sa beskriuwt Willem Meijer dat. Hy groeide as jonkje op by it gasfabryk. Syn heit Wicher Meijer wurke dêr as technysk amtner. Meijer hat syn oantinkens fêstlein yn wat hy in skripsje neamt.
It eardere gasfabryk yn Dokkum © Kolleksje Museum Dokkum (fia De Sneuper fan de Historische Vereniging Noordoost-Friesland)
"Ik wie faak by de stokers, want ik koe al dy lju", fertelt de 95-jierrige Meijer. "Der wie mar in man of sân personiel, mear wiene der net, en dy draaiden mei mekoar dat fabryk. Mar as der dan wer nije stienkoal oanfierd waard út eigen lân of út Dútslân dan wie dat gewoan in festiviteit. Dan kaam der in grut skip foar de wâl en waard mei in hysynstallaasje it saakje lost."
Harkje nei de ferhalen fan Willem Meijer oer it gasfabryk fan Dokkum
Yn ús radioprogramma Buro de Vries fertelde Meijer oer syn oantinkens oan it fabryk. It programma is der alle sneinen fan 11.00 oant 13.00 oere en sneintejûns yn de werhelling om 21.00 oere.