Wyksifers: tal coronabesmettingen sakket ûnder de 10.000, ien stjergefal

It RIVM hat de ôfrûne sân dagen 7.177 positive coronatesten registrearre by Friezen. Dat is op 'e nij minder as in wike earder (11.367). Der ferstoar dizze wike ien Fries oan it coronafirus.
In coronatest © ANP
Yn trochsneed waarden yn de ôfrûne wike alle dagen 1.025 besmettingen meld. Ferline wike wie dat trochsneed 1.624, noch in wike earder 2.193.

87 sikehûsopnamen

Der binne de ôfrûne sân dagen 87 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne der minder as in wike earder, doe gong it om 92 opnamen.
Sûnt mids jannewaris brûkt it RIVM net mear de gegevens fan de GGD'en foar de sikehûssifers, mar de gegevens fan stichting NICE (Nationale Intensive Care Evaluatie). Dy sifers binne krekter.

Yn totaal 612 stjergefallen

Mei de 7.177 positive tests fan de ôfrûne wike is no yn totaal 270.692 kear it coronafirus fêststeld yn Fryslân.
Yn de ôfrûne wike is ien Fries ferstoarn oan it coronafirus. It offisjele stjertesifer yn ferbân mei it firus yn de provinsje Fryslân leit sûnt it begjin fan de pandemy op 612.
It echte tal stjergefallen as gefolch fan it firus leit heger, om't net eltsenien test wurdt. Dêrom is net fan elts stjergefal bekend oft dat oan it firus lei of net.

Faksinaasjegraad 81 persint

De faksinaasjegraad yn Fryslân leit ûnder it lanlik trochsneed. Fan alle Friezen fan tolve jier en âlder is 81 persint folslein faksinearre (mei of sûnder boosterprik). Lanlik leit it op 84,9 persint.
De gemeenten mei de leechste faksinaasjegraad ûnder tolveplussers binne Dantumadiel (74 prosint), Achtkarspelen (75 prosint) en Noardeast-Fryslân (78 prosint).

Tal sikehûsopnamen en stjergefallen de wike

WIKE BESMETTINGEN STJERGEFALLEN
25 maart - 31 maart 7.177 1
18 maart - 24 maart 11.367 5
11 maart - 17 maart 15.352 7
4 maart - 10 maart 16.164 2
25 febrewaris - 3 maart 14.455 2
18 febrewaris - 24 febrewaris 14.170 3
11 febrewaris - 17 febrewaris 23.575 3
4 febrewaris - 10 febrewaris 31.681 0
28 jannewaris - 3 febrewaris 14.458 2
21 jannewaris - 27 jannewaris 9.473 1
14 jannewaris - 20 jannewaris 5.846 1
7 jannewaris - 13 jannewaris 6.206 3
31 desimber - 6 jannewaris 3.577 4
24 desimber - 30 desimber 3.095 6
17 desimber - 23 desimber 4.140 19
10 desimber - 16 desimber 4.530 23
3 desimber - 9 desimber 5.524 9
26 novimber - 2 desimber 5.927 8
19 novimber - 25 novimber 6.295 8
12 novimber - 18 novimber 4.432 6
6 novimber - 11 novimber 3.565 2
30 oktober - 5 novimber 1.950 3
22 oktober - 29 oktober 1.603 3
15 oktober - 21 oktober 1.119 2
8 oktober - 14 oktober 779 1
1 oktober - 7 oktober 502 0
24 septimber - 30 septimber 530 0
17 septimber - 23 septimber 598 0
10 septimber - 16 septimber 876 1
3 septimber - 9 septimber 988 1
27 augustus - 2 septimber 755 0
20 augustus - 26 augustus 737 0
13 augustus - 19 augustus 547 1
6 augustus - 12 augustus 535 2
30 july - 5 augustus 589 2
23 july - 29 july 838 1
16 july - 22 july 1.471 1
9 july - 15 july 1.474 1
2 july - 8 july 232 0
25 juny - 1 july 69 1
18 juny - 24 juny 89 0
11 juny - 17 juny 136 1
4 juny - 10 juny 267 1
28 maaie - 3 juny 540 0
21 maaie - 27 maaie 674 2
14 maaie - 20 maaie 927 3
7 maaie - 13 maaie 1.129 3
30 april - 6 maaie 1.177 4
23 april - 29 april 1.358 4
16 april - 22 april 1.505 1
9 april - 15 april 1.470 6
2 april - 8 april 1.533 4
26 maart - 1 april 1.651 7
19 maart - 25 maart 1.666 10
12 maart - 18 maart 1.611 10
5 maart - 11 maart 1.180 16