Net-Oekraynske flechtlingen nei It Hearrenfean fanwege noed yn Ter Apel

De krisisopfang op It Hearrenfean sil tydlik ek foar net-Oekraynske flechtlingen út Ter Apel brûkt wurde. Dat beslút is naam fanwegen de 'nijpende doorstroom' fan flechtlingen. Fierder bliuwt de needopfang yn it WTC yn Ljouwert langer iepen.
It COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers) hat in fersyk by gemeente Hearrenfean dellein. It giet om maksimaal 150 bêden, dy't dus foar flechtlingen brûkt wurde dy't net út Oekraïne komme. De groep minsken komt by it lanlike oanmeldsintrum yn Ter Apel wei.

Noed yn Ter Apel

Der is in soad noed oer de situaasje yn Ter Apel. Dêr wie sneon út need in grutte tinte opboud as romte foar flechtlingen, dy't dêr ite koene. Dy tinte wurdt lykwols ûnder druk fan gemeente Westerwolde wer ôfbrutsen, om't dy neffens de gemeente net geskikt is om de 'inhumane situatie' op te lossen. Der wie gjin fergunning en de gemeente wie net ynformearre.
It COA joech lykwols oan dat it bot nedich wie: der binne al dagen sa'n 650 minsken yn Ter Apel, wylst der eins mar plak is foar 275 flechtlingen.
Yn Ter Apel komme hieltyd mear flechtlingen en is sprake fan in krisissituaasje © ANP
De groep flechtlingen dy't nei Fryslân komt sil yn alle gefallen in wike yn de HoekstraHal by sportpark Blauw Wit op It Hearrenfean bliuwe. Mar dat kin nochris twa kear mei in dei ferlinge wurde. It COA sil derfoar soargje dat de asylsikers trochpleatst wurde nei oare lokaasjes. De earste flechtlingen komme op 1 april al oan.
De HoekstraHal krijt dêrmei in dûbeldfunksje, want op dat plak wurde ek al Oekraynske flechtlingen opfongen en registrearre. Wol is it sa dat de Oekraynske minsken sa gau as mooglik trochstjoerd wurde nei opfangplakken foar in langere termyn.

Krisisopfang fanwege minne trochstream

Boargemaster Tjeerd van der Zwan ferklearret dat de ynstelde krisisopfang te krijen hat mei de minne trochstream fan flechtlingen dy't fia it oanmeldsintrum yn Ter Apel registrearre wurde moatte. Van der Zwan hopet dat de gemeente hjirmei syn ferantwurdlikens nimt. "Iedereen verdient een dak boven zijn hoofd", seit hy.
Yn gemeente Ljouwert is besletten om de needopfang foar flechtlingen yn it WTC langer iepen te hâlden. Dêr sitte benammen minsken út Syrië en Afganistan.
"Gezien de huidige situatie is de druk op de centra groot en we stellen daarom voor om het WTC nog een halfjaar langer open te houden," seit in wurdfierder fan it kolleezje fan de gemeente Ljouwert.

Fraach fan COA

It foarstel giet noch nei de riedsleden en de omwenners fan it WTC, dêr't sûnt oktober 600 minsken opfongen wurde. It COA freget op dit stuit alle gemeenten mei in asylsikerssintrum om de opfang net te sluten en langer iepen te stellen foar opfang.