Taspraak Zelensky makket yndruk yn Twadde Keamer: "Dy man is gewoan in held"

Presidint Volodymyr Zelensky fan Oekraïne spruts tongersdeitemoarn de Twadde Keamer ta. It wie foar it earst dat in bûtenlânsk steatshaad dit die. It hat fansels alles te krijen mei de oarloch yn syn lân.
De Keamer harket nei Zelensky © ANP
Zelensky rôp op om Oekraïne te stypjen yn de striid tsjin Ruslân. De presidint frege ûnder mear om wapens en beklamme dat we de oarlochssituaasje net gewoan fine moatte.

Sanksjes

Habtamu de Hoop fan de PvdA siet yn de Keamer by de taspraak fan Zelensky. Hy wie bot ûnder de yndruk. "Hy hold in ferhaal rjochte op it lân dêr't er sprekt. Dat makket in protte yndruk. Zelensky is it gesicht fan de Oekraynske minsken dy't trochsette bliuwe. Dat is sa knap. Dy man is gewoan in held."
Zelensky frege Nederlân om noch mear sanksjes op te lizzen oan Ruslân. Dat sjocht it Twadde Keamerlid wol sitten. "Yn Nederlân steane we altyd foarop om te sizzen dat we sanksjes oplizze moatte, mar as it safier is, binne we ien fan de lêsten dy't dat docht. It kabinet wachtet te lang om de sanksjes te ymplemintearjen."
Alle partijen wienen by de taspraak fan Zelensky oanwêzich, útsein Forum voor Democratie. De Hoop hat dêr gjin goed wurd foar oer. "Skandalich. As je sympaty foar Ruslân hawwe, dan kinne je yn elts gefal noch it respekt hawwe om derby te sitten. Se moatte harren deaskamje."
Habtamu de Hoop wie ûnder de yndruk fan de taspraak
East-Europasaakkundige Sipke de Hoop fan de Universiteit fan Grins seach ek mei ynteresse nei de speech. "Hy stipt it hiel spesifyk ta op it lân dat er tasprekt, dus fansels siet der in ferwizing nei de bombardeminten yn Rotterdam yn de Twadde Wrâldoarloch en in ferwizing nei de MH17 yn."

Druk ferheegje

Neffens de saakkundige besiket Zelensky Nederlân der sa mear by te belûken. "Wat ik ek hiel nijsgjirrich fûn, wie in ymplisite oprop foar in tribunaal tsjin Ruslân. Dat hat ek te krijen mei Den Haag as sit fan it ynternasjonale rjocht, Sa koenen je dat wol ynterpretearje."
De Hoop seit dat de taspraak benammen bedoeld wie om de druk te ferheegjen en Oekraïne op de kaart te hâlden, want de oandacht foar de oarloch is wat oan it wei-ebjen. "We wenne deroan, flechtlingen en oare ellindige bylden. Mar yn Oekraïne wenne se der net oan, se sitte noch hieltyd mei de ellinde. Dus we moatte se stypjen bliuwe, wie syn oprop."
Sipke de Hoop oer de taspraak fan Zelensky