Sipke Hulshoff bliuwt by Feyenoord en wurdt assistint-trainer by it earste

Sipke Hulshoff wurdt folgjend seizoen assistint-trainer by it earste alvetal fan Feyenoord. No is hy yn Rotterdam noch trainer fan de beloften.
Sipke Hulshoff (rjochts) mei âld-topfuotballer Robin van Persie © ANP
It kontrakt fan de Twizeler wurdt boppedat mei twa jier ferlinge. Dêrmei stiet hy oant en mei juny 2024 ûnder kontrakt by de topklup yn Rotterdam. By it earste alvetal wurdt Hulshoff assistint-trainer fan haadcoach Arne Slot. Beiden wurken yn it ferline ek al gear by SC Cambuur.

Topklup

De 47-jierrige Hulshoff koe ek haadtrainer wurde by in klup yn de earedivyzje, mar hy hat der bewust foar keazen yn De Kuip te bliuwen. "Ik fiel my hjir goed. Ik wurkje no by in topklup. Dat is de grutste reden om hjir te bliuwen", fertelt Hulshoff. "Ik bin der tige wiis mei."
In oare reden om yn Rotterdam wurkjen te bliuwen by it earste is dat hy dan nije dingen meimeitsje kin. "Europeesk fuotbal hinget deroan fêst. Dat is no ek nij", sa seit Hulshoff.

Underfining yn de Conference League

Twa wiken lyn wie hy mei John de Wolf en Robin van Persie ferantwurdlik foar de coaching fan Feyenoord by it duel yn de Conference League mei Partizan Belgrado. Slot ûntbruts doe troch corona.
Foardat Hulshoff ferline jier oerstapte nei Feyenoord wurke hy ûnder oaren by SC Cambuur en FC Volendam.