Reizgers warskôge: grutte wurksumheden yn haven fan Harns

Rykswettersteat begjint moandei oan grutte wurksumheden oan de kade en op it Doeksen-terrein yn Harns. It wurk duorret ferskate moannen en smyt oerlêst op foar reizgers.
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
De terreinen krije ûnder oare nij asfalt, der komt in bettere beskerming fan de daamwand en de auto- en passazjiersbrêgen wurde tydlik ferfongen.
Letter dit jier docht Rykswettersteat itselde op Skylge en takom jier op Flylân.

Reizgers warskôge

Doeksen warskôget passazjiers om net te betiid oan te kommen by it opstelterrein. In healoere yn it foar is genôch, seit de rederij. Reizgers moatte ek allinnich op de plakken parkearje dy't dêrfoar bedoeld binne.
It oanboardgean (en der wer ôf) kin oars wêze as gewoanlik. Meiwurkers jouwe oanwizingen en soargje derfoar dat alles goed giet.

Oare havens

Op it stuit is Rykswettersteat ek dwaande mei ûnderhâldswurk oan de pier yn Holwert. Dat soe oer in goede moanne klear wêze moatte.
Letter sil Rykswettersteat ek oan de slach yn de havens fan Lauwerseach, Skiermûntseach en It Amelân.
Boaten fan Doeksen yn de haven fan Harns © Omrop Fryslân, Lennard Geerts