’t Bildts diktee fiert lustrum yn Froubuorren: "'t is 'n begryp worren"
Foar de fiifde kear organisearret de stichting Bildts Aigene hjoed it Biltsk diktee. In útdaging foar kenners fan de streektaal, mar dat net allinnich: de organisaasje hopet op dielname út alle hoeken.
"Wij wille graag dat allegaar mînsen metdoen", seit Jan de Groot fan de stichting. "Niet alleen de bêsten. Mînsen motte foor hur gefoel faak 'n drumpel over, maar se hoeve niet benaud te wezen om fouten te maken."
Dielnimmers stekke wat op fan it diktee, mar it soe ek in goed byld jaan fan hoe't it derfoar stiet mei it Biltsk. "De lêste jaren fâlt 't mij hondert persint met."
Wat fan opstekke
It giet neffens Stichting Bildts Aigene ek net om it winnen. "Men steekt d'r op soa'n avend in elk gefal feul fan op."
Foar de eksperts draait it wol om sa min mooglik flaters te meitsjen. De winner krijt in wikselbeker mei nei hûs. "'n Bitsy ouwerwets, maar wij fonnen 't dochs wel mooi."
It Biltsk 'yn de picture' hâlde
It idee foar it diktee ûntstie mei it each op it ferdwinen fan de gemeente It Bilt. "Doe't bekind worde dat wij opslokt worre souwen in 'n groate gemeente, Waddenhoek, hewwe wij said: "wij motte ôns taal meer na búttenen bringe. Soa is 't ontstaan."
It diktee is skreaun troch Leendert Ferwerda. Dielnimmers moatte in pinne meinimme, de stichting regelet al it oare.