Henk Hospes nimt nei 'hartstikke moaie' perioade ôfskie by Gewest Fryslân

Henk Hospes hâldt op as reedrydcoach by it Gewest Fryslân. De 65-jierrige trainer wol mear tiid frijmeitsje foar famylje en freonen.
Henk Hospes yn febrewaris op de Olympyske Spelen © Orange Pictures
De ôfrûne fiif jier wie Henk Hospes haadtrainer by it Gewest Fryslân. It ôfrûne reedrydseizoen hat syn lêste west. "Ik haw it fiif jier mei 'volle overgave' dien", fertelt Hospes. "Mar ik wol der net mear dei-yn-dei-út mei dwaande wêze."
Hy wol mear tiid trochbringe mei syn bern, bernsbern en freonen. "Fiif jier lyn hawwe we mei kammeraten in wike te fytsen west. Dêr haw ik ek wol wer ris nocht yn. En wer ris nei kunde yn Italië", sa seit Hospes. Ek soan Jesper hat nei it ôfrûne seizoen besletten op te hâlden.

Lotte van Beek

Hospes mocht twa kear nei de Olympyske Spelen as coach. Fjouwer jier lyn fan Lotte van Beek en dit jier fan Sanne in 't Hof. Van Beek naam begjin dizze moanne ôfskie as reedrydster by de wrâldbekerfinale yn Thialf.
Dat sette Hospes ek oan it tinken. "Doe't Lotte de lêste rûntsjes ried, tocht ik: no moat ik foar mysels ek goed neitinke wat ik wol. Dêr ha ik de wike nei de wrâldbekerfinale de tiid foar naam."
Henk Hospes nei de Olympyske huldiging mei pupil Lotte van Beek © Orange Pictures
En dus hakte Hospes de knoop troch. Yn it nije libben mei mear tiid foar de minsken om him hinne past it net om haadtrainer te wêzen. "Ik sil it misse, want ik fyn it hartstikke moai. Mar it wurk datst derfan hast, nimt ek ta. It hat in hartstikke moaie perioade west."
Mooglik dat Hospes yn de takomst noch wol ris op it iis te sjen is. Want hielendal dermei ophâlde, dat wol er ek net. "Ik soe noch wol wat dwaan wolle. Mar net mear sa yntinsyf", fertelt Hospes.