HEA! Op de tún fan de Singelwrotters

Der wurdt al wer drok wurke op it folkstúnkompleks fan de Singelwrotters út Gytsjerk. De grûn wurdt klearmakke om te siedzjen en te plantsjen.
HEA! De Singelwrotters
Eartiids wiene it foaral wat âldere mannen dy't harren dwaande hâlden mei it túnkjen. Mar ek by de Singelwrotters docht in nije lichting leden syn yntrede: jongeren en froulju. Net altyd witte dy likegoed hoe't se túnkje moatte neffens foarsitter Klaas Bakker. Mar mei de ûnderfining en help fan de âldere garde komme se meielkoar dochs in hiel ein.