Tsientallen fetten mei grûnstoffen foar drugs oantroffen yn Drachtsterkompenije

De plysje hat tiisdeitejûn yn in hûs oan De Skieding yn Drachtsterkompenije tsientallen fetten mei gemikaliën oantroffen. De stoffen kinne brûkt wurde om syntetyske drugs mei te meitsjen.
De plysje by it hûs yn Drachtsterkompenije © Noordernieuws
De brânwacht waard op tiisdei om 19.15 oere hinne alarmearre foar in middelbrân oan it dak fan de wente. De brânwachten fan Drachten, Surhústerfean en Oerterp rieden út. Uteinlik die bliken dat de reekwolk by de wente feroarsake waard troch in gemyske reaksje.
Plysjewurdfierder Thijs Damstra seit dat it om ferkate foarmen fan syntetyske drugs giet
De plysje hat by de wenning in man fan 34 jier en in man fan 40 jier oanholden. Beide komme út Den Haag.
De forinsyske opspoaring en Landelijke Faciliteit Ontmantelen (LFO) dogge ûndersyk yn de wenning. LFO sil ek de fetten romje.
De plysje slút net út dat der noch mear oanhâldingen folgje.