KNMI kundiget foar tongersdei koade giel ôf om winterske buien mei snie
It KNMI jout koade giel as warskôging ôf foar tongersdeitemiddei. Troch winterske buien mei snie is der kâns op glêdens.
Yn it begjin fan de middei kinne winterske buien al op de Waadeilannen foarkomme. Letter yn de middei kin it yn it noardeasten glêd wurde troch sniefal. Yn de jûn wreidzje de snie en glêdens him út oer de rest fan it lân.
Benammen it ferkear op de dyk kin der lêst fan hawwe. De snie hâldt nei alle gedachten oant en met freedtemoarn oan. De glêdens ferdwynt dan yn de rin fan de middei.
Is snie yn april bysûnder?
"It komt de lêste jierren net sa faak mear foar, mar it is net unyk", seit waarhistoarikus fan Klaas Ybema fan Warkum. "En as it lizzen bliuwt, ha we op 1 april snie en dat is gjin grap."
Yn de jierren 70 kaam it faker foar. "Op 11 april 1978 lei yn in grut part fan Fryslân 5 oant 15 sintimeter snie. Yn myn waarstasjon yn Skettens wie yn 1982 foar it lêst snie yn april. It klimaat feroaret, dus it wurdt wol hieltyd seldsumer."
Klimaatferoaring
Ybema hat in dúdlik boadskip foar klimaatûntkenners. "As minsken net leauwe dat it klimaat feroaret, is dat dom. Ik mjit no 50 jier it waar en kinst sjen dat de temperatuer oprint en dat is struktureel en oer de hiele wrâld."
Dus snie yn april is net hiel bysûnder, mar snie dy't lizzen bliuwt, is dat wol neffens Ybema. "Ferline jier hienen we ek in pear dagen yn april mei snie, mar dat bleau doe net lizzen. Maart hat ús mei in rekôr oan sinnedagen wat op ferkearde foet set, der wie mear sinne as yn in simmermoanne. Dan komt sa'n weromfal mei snie wat rau op ús dak. As yn maaie snie falt, is dat wol hiel unyk."