Sittingsdei Vidar-drugssaak skrast: alles al behannele

De behanneling fan de Vidar-saak foar de rjochtbank yn Ljouwert woansdei is skrast. Alle punten binne yn eardere sittingen al nei foaren kaam en de ferwachting wie net dat ien fan de fertochten hjoed ferklearje soe.
Justysje © Shutterstock.com
De acht minsken dy't sjoen wurde as haadfertochte moasten dizze woansdei foar de rjochter ferskine. Der soe ûnder oare praat wurde oer de fertinking fan dielname oan in kriminele organisaasje en ferbean wapenbesit. Neffens de rjochter is dit yn eardere sittingen al oan bar kaam en beroppe de fertochten hat op harren swijrjocht.
Freed giet de saak fierder. Op 13 april is dan it rekwisitoar fan de offisier fan Justysje. Dan komt ek de strafeask. De advokaten fan de fertochten komme dêrnei oan it wurd. Se ha al witte litten har krêften te bondeljen en de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant oan de kaak stelle te wollen.

Wat is de Vidarsaak?

De saak begûn foar de bûtenwrâld yn maart 2020. Doe waard by de grins mei Dútslân in buske oan de kant set mei dêryn 86 kilo speed, drugs. Dêrop folge in rige oan ynfallen wêrby't wapens, oare drugs en cash jild fûn waarden.
22 minsken waarden oanhâlden, ûnder har 20 Friezen. Fan har wurde acht sjoen as haadfertochte. Al frij gau kaam justysje mei in parseberjocht: sy hiene in kriminele boargerynfiltrant ynset. Foar safier bekend in unikum. Nei de IRT-affêre yn de jierren 90 wie de ynset fan sokke ynfiltranten earst ferbean. Letter waard it wer tastien, mar it is net bekend oft se njonken dizze saak ynset binne.