Noed oer hege oantal minsken mei obesitas yn Harns; gemeente net ferrast

De helte fan de folwoeksen Nederlanners is te swier en 14 prosint fan de Nederlanners hat obesitas. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Centraal Bureau voor de Statistiek. Harns is yn Fryslân de gemeente mei de measte obesitas-gefallen.
© ANP
De sifers komme net as in ferrassing foar wethâlder Erik de Groot fan Harns. "We zijn er al jaren mee bezig. Het is lastig om een dalende lijn te realiseren." It goede is wol dat der net mear minsken by kaam binne.
De gemeente set op meardere fronten yn. "Aan de ene kant voorlichting en aan de andere kant begeleiding. Het is de bedoeling om de mensen te activeren." Dat rint neffens him wol goed, mar it kin better. By de jeugd is begûn mei it JOGG-programma, mei dêryn omtinken foar bewege en wetter drinke yn plak fan frisdrinken.
De gemeente hat ek kontakten mei supermerken. "Die begeleiden de Avondvierdaagse bijvoorbeeld met een gezonde snack, zoals een appel."
It foech om in ûndernimmer gjin fergunning te jaan foar in snackbar hat de gemeente net. "Dat is net als met lachgas, je mag het verkopen, maar je kunt ook de vraag stellen of je het wilt verkopen. Daar kunnen we met de ondernemer wel over in gesprek."
Wethâlder Erik de Groot