UNIS Flyers wint 'hiel spannende' finale: "Het was ogen dichtdoen en hopen"

De UNIS Flyers pakten tiisdeitejûn foar de twadde kear yn de histoarje de titel yn de BeNe League. It is lykwols de fraach oft de beker dy't dêrby heart yn ien stik op It Hearrenfean komt. "Hij is nu al stuk, maar goed. Dan is 'ie echt van ons, hè", seit spiler Martijn Oosterwijk.
Sa reagearren de kampioenen fan UNIS Flyers:
"Het was echt een finale. Beide teams gingen hard", seit Oosterwijk. De Flyers kamen tsjin Bulldogs Luik yn de twadde perioade op in 1-0 efterstân. "We hebben goed in de kleedkamer met elkaar besproken wat we kunnen. Uiteindelijk valt dan die 1-1 en dan wordt het nog spannender."
Yn de ferlinging waard it 1-2 foar de Friezen. Mar dêrfoar gie it noch hast mis. "Het was ook nagelbijten", seit spiler Lars den Edel. Neffens Den Edel wie it somtiden 'ogen dichtdoen en hopen'.
Mar it kaam dus goed. Dêrmei wûnen de Flyers harren earste priis fan dit seizoen. Earder waard der yn de finale om de beker en it Nederlânsk kampioenskip noch ferlern.

Grutste titel

Coach Mike Nason is dúdlik: dit is de belangrykste priis foar de Flyers. "Tradisjoneel hat it nasjonale kampioenskip mear histoarje, mar yn de iishockey-mindset is de lêste titel de grutste om te hawwen. We kinne net mear bliid wêze", seit de Kanadees.
Foar spiler Frits Doop fan Grou is it syn earste titel. "Dizze wie hiel spannend", seit de Fries. Neffens him wie dit de moaiste fan de trije finales fan dit seizoen. "Al dy oare finales wiene ien wedstriid. Dit wie in rige, dus dan kinst echt sjen wa't de bêste is."

Primeur

Dat wiene de Flyers dus. Dêrmei waarden se de earste klup yn de skiednis fan de BeNe League dy't de nasjonale titel misrûn, mar dêrnei wol de Belgysk-Nederlânske titel pakte.