Plofkreak yn sintrum fan Ljouwert: jild leit op strjitte, pinautomaat meinaam

Yn it sintrum fan Ljouwert is oan it Gouverneursplein in plofkreak dien. It ynsidint barde om 04.00 oere hinne.
De plofkreakers hiene it foarsjoen op in pinautomaat yn in sinnestudio. In part fan it jild út de pinautomaat leit troch de plofkreak op strjitte.
De skea yn en oan it pân is neffens de plysje grut. Twa wenningen binne ûntromme. Foar safier bekend is der gjinien ferwûne rekke.

Twa dieders

Fan de dieders ûntbrekt noch elk spoar. It binne der neffens de plysje minimaal twa. Sy binne op in scooter yn de rjochting fan de Prinsetún útnaaid.
It Gouverneursplein is foarearst ôfset. De Explosieven Opruimingsdienst Defensie (EOD) komt nei Ljouwert om te sjen oft de omjouwing feilich is. Dêrnei kin it technysk ûndersyk begjinne.
De plysje ûndersiket oft der in ferbân is mei in plofkraak earder yn de nacht yn Duivendrecht.
Robert-Jan Valkema fan de plysje oer de plofkreak