UNIS Flyers kampioen fan de BeNe League nei winnende goal yn ferlinging

De iishockeyers fan de UNIS Flyers binne foar de twadde kear yn de skiednis kampioen fan de BeNe League. De beslissende wedstriid om de titel waard nei ferlinging mei 2-1 wûn tsjin de Bulldogs Luik.
Sa reagearren de kampioenen fan UNIS Flyers:
De earste wedstriid fan de best-of-three waard troch de Flyers yn Luik noch wûn mei 2-0. Snein gie de return yn Thialf mei 3-0 ferlern, wêrtroch't der in tredde duel komme moast om de winner fan de BeNe League te bepalen.
Der hong in finalesfearke yn Luik, mei in útferkochte iishal. De supporters fan beide ploegen seagen dat der yn de earste perioade net skoard waard. Likegoed Bulldogs Luik as UNIS Flyers krige wat mooglikheden, mar sûnder resultaat.

Flater yn de opbou

De skoare waard iepene yn de twadde perioade. In goeie minút foar de ein makken de Feanster iishockeyers in flater yn de opbou, wêrnei't Bulldogs Luik oernimme koe.
In skot koe net goed ferwurke wurde troch Flyers-keeper Martijn Oosterwijk, wêrnei't de puck yn de rebound binnentikt waard troch Bryan Henry.
Blydskip by de Flyers nei de winst © Omrop Fryslân
Yn de tredde perioade naam de druk fan de Flyers ta. Dat late ta de lykmakker fan Riku Pitkänen. De ploech fan coach Mike Nason sette troch en hie in powerplay-situaasje, mar it koe dêryn de kânsen net benutte.

De overtime yn

Skoard waard der net mear yn de tredde perioade, wêrnei't de overtime yngie. De ploech dy't as earste in goal meitsje soe, koe him dêryn kroane ta kampioen fan de BeNe League.
Grutte man by de Feansters waard de Fin Roope Nikkila. Hy makke nei trije minuten en tweintich sekonden de 2-1 en besoarge de Flyers sa de earste priis fan it seizoen.
Sjoch hjir nei de goals yn de BeNe League-finale:
De finalen om de bekerfinale en de Nederlânske titel waarden ferlern. Mar de lêste en grutste priis waard wol binnenhelle en sa is trije kear is skippersrjocht.
Yn 2017 hawwe de Flyers de BeNe League foar it earst wûn.