Aris Ljouwert wint foar it earst yn Elite Silver fan Belgyske tsjinstanner

De basketballers fan Aris Ljouwert hawwe mei 91-94 wûn fan Humbo Limburg United, in Belgyske klup fan Hasselt. It is foar Aris in wichtige winst yn de striid om pleatsing foar de play-offs.
Nigel Pruit fan Aris (argyffoto) © Orange Pictures
De Ljouwerter klup begûn fuortendaalks goed oan de wedstriid: nei trije minuten stie it al 3-9. It earste kwart fan de wedstriid pakte mei in stân fan 13-32 ek goed út foar Aris. Sy giene it skoft yn mei in 43-59 skoare. In pear minuten foar de ein koe Ryan Logan fan Aris de foarsprong nei 80-90 tille. It duel einige dus yn 91-94.
It wie Aris oant dizze wedstriid ta noch net slagge om te winnen fan in Belgyske klup. It wie de fiifde wedstriid fan de 'Elite Silver' yn de BNXT League: dêryn spylje de seis ûnderste Nederlânske teams út de Nederlânske kompetysje en de ûnderste fiif út de Belgyske kompetysje tsjin inoar. Dêryn wurdt spile om in plak yn de play-offs.