Frysk Redbad-stik ferplichte op lanlik brassband kampioenskip

De stichting efter de Nederlandse Brassband Kampioenschappen hat in stik fan komponist Jan de Haan fan Oranjewâld keazen as ferplichte nûmer. It stik Redbad moat dit jier de Nederlânsk kampioen oanwize.
Komponist Jan de Haan © Stichting bestuur NBK
De Nederlandse Brassband Kampioenschappen wurde op 29 oktober holden. De organisaasje hat de bekende dirigint en komponist Jan de Haan keazen fanwegen syn 70ste jierdei. Eins soe it stik Redbad ferline jier al oan bar komme, mar doe kaam dêr it coronafirus tusken.
It stik is in muzikaal portret fan Redbad, de kening fan de Friezen. Neffens de organisaasje is it stik in technyske opjefte dy't út sân parten bestiet en tige geskikt is foar de kampioenskippen.