Brânwacht fynt mooglik drugslab yn Drachtsterkompenije: twa fertochten oanholden

De plysje hat by in brân yn in hûs oan De Skieding yn Drachtsterkompenije nei alle gedachten in drugslab ûntdutsen. It soe om in amfetaminelab gean, al wol de plysje dat noch net befêstigje. Twa fertochten binne by it hûs oanholden.
De wente © SRFotografie
De brânwacht waard om 19.15 oere hinne alarmearre foar in middelbrân oan it dak fan de wente. De brânwachten fan Drachten, Surhústerfean en Oerterp binne foar de melding útriden.

Twa persoanen oppakt

Doe't sy it hûs binnenfoelen, soe bliken dien hawwe dat op de boppeferdjipping in drugslab wie.
Twa minsken besochten út te naaien, sy binne fuortendaalks troch de plysje oanholden. De wenning is troch de plysje ôfset. De plysje sil woansdei fierder mei it ûndersyk.