Stiens hellet biezem troch âlde grêfstiennen en siket neibesteanden

De protestantske gemeente yn Stiens docht in oprop oan belanghawwers fan âlde grêven om har te melden. It grêfrjocht fan 23 âlde grêven, dêr't jierren net foar betelle is, ferfalt.
It tsjerkhôf yn Stiens © ANP
"Men betaalt onderhoud voor het algemene onderhoud van de begraafplaats, de tuinman, zal ik maar zeggen. Dat is al die jaren nooit betaald", seit Jan Liefrink, behearder fan it hôf yn Stiens. "We weten ook niet wie de rechthebbende is. Je bent eigenlijk verplicht om je adres door te geven, dat is in de jaren nooit gebeurd."

Nei 1861

It giet om de grêven by de Sint-Vitustsjerke, midden yn it doarp. It âldste grêf datearret fan 1861; de measte grêven binne 50 jier as âlder. Liefrink hat de ôfrune jierren soarge foar dizze grêven, om't it oars 'blijft sluimeren.'

Muontsewurk

No wol Lieflink der eigenhannich foar soargje dat hy der efter komt wa't de belanghawwers fan dizze grêfstiennen binne. Dat wie earder al ris besocht, mar dat smiet doe neat op.
Jan Lieflink oer de Stienzer grêfstiennen
Lieflink besiket it dus foar in twadde kear. "Het is monnikenwerk", seit er. "Maar ik doe het wel. Ik kom er ook wel achter, maar ik moet overal in googelen."
We gaan heel netjes een jaar hanteren zodat mensen de tijd hebben om te kunnen reageren.
Jan Liefrink, behearder fan it hôf yn Stiens
It hat him yn alle gefallen al aardich fierder brocht. Ofrûne moandei krige Lieflik in stambeam tastjoerd, fan ien fan de neikommelingen. "En ik heb een meneer gehad die belde en zei: 'Daar ligt mijn tante'. Het was van lang geleden, een man van 92."

Net weromfûn? Dan folget romjen

Op himsels hat Stiens gjin tekoart oan romte op it hôf. Mar as der stiennen binne dêr't hy de belanghawwers net fan fine kin, sil it tsjerkebestjoer de grêven romje.
"We hebben de oude regelementen, de oudste is van 1944, waarin staat dat als het algemeen onderhoud vier jaar lang niet wordt betaald, dat je dan een graf mag ruimen." Yn it gefal fan dizze grêfstiennen hat dy perioade al west. "Maar we gaan heel netjes een jaar hanteren, zodat mensen de tijd hebben om te reageren."
De bedoeling is dat de oerbliuwende grêven yn maaie-juny 2023 romme wurde. In soad fan de Stienzer grêven binne op de webside graftombe.nl werom te finen.