SC Cambuur fynt yn Dennis Haar in nije ynterim-trainer

Dennis Haar makket it seizoen ôf as ynterim-trainer fan SC Cambuur. De klup socht nei it fuortfallen fan Henk de Jong in trainer dy't assistinten Pascal Bosschaart en Martijn Barto bystean koe.
Technysk manager Foeke Booy (l) mei ynterim-trainer Dennis Haar (r) © Dijks Fotografie
De langste tiid fan syn karriêre wie Haar aktyf by AZ. Dêr wurke er yn de jongereinoplieding en waard er úteinlik assistint-trainer by it earste alvetal. Haar gie dêrnei mei haadtrainer John van den Brom nei FC Utrecht en KRC Genk yn België.
Cambuur hoegde net perfoarst in oare trainer oan te stellen, om't de klup neffens technysk manager Foeke Booy dispensaasje krige fan it KNVB om it seizoen sûnder haadtrainer ôf te meitsjen.

'Ekstra eagen en hantsjes'

Bosschaart en Barto joegen lykwols by de direksje oan ferlet te hawwen fan 'ekstra eagen en hantsjes'. Dy rol sil Haar de lêste sân wedstriden fan it earedivyzjeseizoen ynfolje.
Op de webside fan de klup jout Booy oan dat Haar goed by Cambuur past. "Hij past met zijn nuchterheid en inhoudelijke kwaliteiten bij waar we als club voor staan en heeft bovendien de ervaring om op een juiste manier om te gaan met deze bijzondere omstandigheden."
Woansdei sil Haar foar it earst op it trainingsfjild stean by de Ljouwerters.