Concours Hippique Dokkum giet wer net troch, Bûtenpost wol

It bestjoer fan it Concours Hippique yn Dokkum sjocht opnij gjin kâns om it evenemint dit jier te organisearjen. De perioade tusken no en 25 juny soe te koart wêze om it konkoers op te setten.
Hynders op it Concours Hippique yn Bûtenpost © Concours Hippique Buitenpost
De coronamaatregels binne diskear net it probleem. "Helaas lopen we dit jaar tegen veel andere zaken aan", skriuwt de organisaasje. "Dat belemmert ons in het organiseren van een mooi en groot concours hippique."
De earstfolgjende edysje sil no yn juny 2023 plakfine.
It Concours Hippique yn Bûtenpost giet nei twa jier ôfwêzigens wol troch. It evenemint is op 3 augustus.