422 oanhâldings nei anonime tips yn Noard-Nederlân

Anonime tips ha it ôfrûne jier foar 422 oanhâldingen soarge yn Noard-Nederlân. Foar it twadde jier op rige binne yn it Noarden mear as 2.000 meldingen dien by Meld Misdaad Anoniem.
Dizze himpkwekerij yn Ljouwert waard fûn nei in anonime tip © Plysje Ljouwert
Oant en mei 2019 skommele it jierlikse tal meldingen yn it distrikt Noard-Nederlân om de 1.500. No is dat al twa jier folle heger. Dat past yn it lanlike byld.
Yn hiel Nederlân waarden hast 25.000 meldingen dien, yn it Noarden 2.225.

Measte meldingen oer drugs

Twa op de trije meldingen yn Noard-Nederlân gongen oer drugs. Op basis dêrfan naam de plysje ûnder oare 51.576 himpplanten yn beslach.
Oare meldingen gongen oer gewelds-, ferkears- en ekonomyske delikten. Der binne 95 fjoerwapens en 80 slach- en stekwapens yn beslach nommen.
Ien fan de saken dy't mei troch in anonime tip oan it ljocht kaam, gong oer seksuele ekploitaasje fan in 15-jierrich famke út Drachten. Neffens de rjochtbank wie der sprake fan minskehannel. Twa Friezen binne feroardiele.

Meldingen op 10.000 ynwenners

Limburch 22,1
Seelân/West-Brabân 15,4
Lanlik 14,4
Rotterdam 13,8
Amsterdam 13,7
Noard-Nederlân 12,9
East-Brabân 12,8
East-Nederlân 12,1
Noard-Hollân 11,9
Midden-Nederlân 11,3
Den Haag 10,9