Automobilist swierferwûne nei ûngelok by Marsum

By in ûngelok op de N31 by Marsum is in automobilist swierferwûne rekke. Hy bedarre mei syn auto yn de greide njonken de dyk.
De bestjoerder is nei it sikehûs ta brocht © Shutterstock
It iensidige ûngelok barde yn de nacht fan moandei op tiisdei. It slachtoffer is in 28-jierrige man út de gemeente Ljouwert. Hy siet as iennige yn de auto en is nei it ûngelok nei it sikehûs ta brocht.
De tadracht fan it ûngelok is ûndúdlik, dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.