Gemeente Waadhoeke jout alle skoallen in spultsje om te praten oer omgean mei jild

De gemeente Waadhoeke hat moandei alle skoallen yn de gemeente it 'Arm & Rijkspel' jûn. De measte skoallen kamen moandei nei de Frjentsjerter festiging fan Simon Vestdijk om it spul yn ûntfangst te nimmen.
It spulboerd © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It boerdspul moat de learlingen fan de skoallen helpe om boartsjenderwize bewust te wurden fan de ferskillen tusken earm en ryk. Ek moat it helpe om te praten oer omgean mei jild, earmoede en solidariteit.

Wichtich tema

Yn it boerdspul moatte de bern kieze wêr't se harren jild oan útjouwe. It spul fergruttet, as it goed is, ek it begryp oer wat it betsjut om in soad, krekt genôch of mar in bytsje jild te hawwen.
Wethâlder Nel Haarsma fan Waadhoeke fynt dat in wichtich tema yn dizze tiid fan ynflaasje en hege enerzjykosten. "It is de wike fan it jild, it momint om te praten oer jild. It giet der ús om om ferskillen tusken earm en ryk besprekber te meitsjen", seit de wethâlder.

"It giet net om it measte jild"

"Nederlân is in ryk lân, mar der binne ek minsken mei in hiele smelle beurs, ek yn dizze gemeente. Dy minsken moatte har ek rêde kinne. It is goed om it dêr ris oer te hawwen en te sjen wat je foar inoar betsjutte kinne. Mei-inoar deroer prate kin ek al ferlichting jaan."
Alle skoallen nimme it boerdspul graach yn ûntfangst. It spul is makke foar bern oant in jier of 14 en is dêrtroch likegoed geskikt foar basisskoallen as foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.
It Arm & Rijkspel is in boerdspul. It spul liket neffens de wethâlder wol wat op Monopoly, mar wol mei lytsere bedraggen en in hiel oare doelstelling. "By Monopoly giet it der om wa't it measte jild hat. By dit spul giet it oer begryp en leare hoe't je bewuster mei jild omgean kinne."
Wethâlder Nel Haarsma fan de gemeente Waadhoeke
Skoallieder Sydo de Jong fan Simon Vestdijk yn Frjentsjer krige moandei it earste eksimplaar. Hy is seker fan doel om it spul yn de les te brûken. "Wij scharen dit onder maatschappijleer. Bij die lessen zullen we de leerlingen in de onderbouw met dit spel verrassen."

It petear oangean

Ek Simon Vestdijk hat learlingen út húshâldings dêr't it net al rom soppet. "Dit spel is een mooi hulpmiddel om met elkaar in gesprek te gaan over armere en rijkere families en over en weer begrip te kweken", seit De Jong. "Niet alle leerlingen dragen merkkleding." Der binne learlingen dy't neffens him gjin idee hawwe fan ynkommensferskillen en de gefolgen dêrfan. "Het gaat eerst om een stukje bewustwording."
It boerdspul sels is fleurich en kleurich en seker net somber. "Je speelt het spel, maar er komen wel vragen achter vandaan. Het gaat vooral om het gesprek", seit De Jong. "Het is een mooie aanleiding om het in de klas, maar ook thuis, over geld te hebben. Voor de meeste leerlingen geldt dat niet alles kan als het om geld gaat."