FIDEO: UNIS Flyers litte yn sfearfol Thialf earste kâns op BeNe League-titel lizze
De iishockeyers fan UNIS Flyers binne noch gjin kampioen fan de BeNe League. De Flyers ferlearen mei 0-3 fan Bulldogs Luik, wylst de Friezen yn België noch mei 0-2 wûn hienen. Dat betsjut dat der tiisdei in beslissingswedstriid spile wurdt yn Luik.