Grut Frysk Diktee nei trije jier werom mei in nije edysje

Gnyskje, nútsjesmoar en krûpelhintsje; it Grut Frysk Diktee is werom mei in nije edysje. Dat is foar it earst sûnt It Grut Frysk Diktee yn 2018 op it Aldehoustertsjerkhôf wie, mei in rekôrtal dielnimmers.
Habtamu de Hoop © Julian Kock
Op tiisdei 17 maaie wurdt It Grut Frysk Diktee wer as fanâlds hâlden yn de steateseal fan it Provinsjehûs. Kwalifisearje foar it diktee kin fan hjoed ôf fia it kwalifikaasjediktee op www.fryskdiktee.nl.

De Hoop skriuwt de tekst

Twadde Keamerlid Habtamu de Hoop fan de PvdA skriuwt de dikteetekst. De Hoop lit witte dat it diktee it tema 'sport' hat. 'Ik fyn it in geweldige eare dat ik it diktee skriuwe mei. Ik fyn it hiel wichtich foar it befoarderjen fan it Frysk en it is moai dat ik dêr sa in bydrage oan leverje kin.''
Omrop Fryslân soarget ek diskear wer foar de registraasje en de útstjoering fan it Grut Frysk Diktee. De útstjoering sil op woansdei 18 maaie wêze.
Minsken dy't op 17 maaie meidwaan wolle oan It Grut Frysk Diktee, moatte harren dêrfoar kwalifisearje. Fan 28 maart oant 24 april kinne minsken online meidwaan oan it kwalifikaasjediktee. Dit kin op www.fryskdiktee.nl. De bêste 15 dielnimmers meie meidwaan oan It Grut Frysk Diktee.

Organisaasje

It Grut Frysk Diktee wurdt organisearre troch de Afûk, it Sintrum Meartaligens fan it Cedin, de Fryske Akademy, de Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Mear ynformaasje oer it Grut Frysk Diktee is te finen op www.fryskdiktee.nl.