Wannear giet der in NL-Alert út?

Dit wykein is twa kear in NL-Alert útgien: sneontejûn op It Amelân en sneintenacht yn Ljouwert. Wannear stjoerst no krekt in NL-Alert út?
NL-Alert © ANP
By beide wenningbrannen wie sprake fan in telefoanyske warskôging oan alle minsken yn it gebiet. Marko Kinderman wie wurdfierder by beide brannen. Wy prate mei him.

Wat binne de kritearia foar it ferstjoeren fan in NL-Alert?
"Dat beslute krisisfunksjonarissen mei-inoar. Faak binne dat de foarljochting, de offisier fan tsjinst fan de brânwacht en de kalamiteitekoördinator fan de meldkeamer."

Hoe witst no yn hokker gebiet it ferstjoerd wurde moat?
"We sjogge nei wêr't de reek hinne giet. Oan de hân fan de wynrjochting wurdt der in gebiet fêststeld. Yn it gebiet mei dy stjoermêsten wurdt it NL-Alert ferstjoerd."
Hoe gong it op Amelân en yn Ljouwert?
"Op It Amelân wie de brân op it noardlike diel fan it eilân en de wyn wie ek noardlik. De reek gie oer Nes en Buren hinne. Yn Ljouwert wie der sprake fan grutte reekwolken dy't oer wenwiken fan de stêd hinne lutsen."

Yn Ljouwert wie it NL-Alert midden yn 'e nacht. Binne de kritearia dan oars?
"It makket eins neat út, want der binne altyd goede redenen om it NL-Alert út te setten. Wolst net dat de problemen noch grutter wurde. It wurdt wer wat waarmer en de minsken hawwe de ruten faker iepen. Dêrom hawwe we warskôge om ruten en doarren ticht te dwaan.
It is wol midden yn de nacht en moatst ôfwage wat op dat stuit wichtiger is. Offisjeel moat in NL-Alert ek wer ôfmeld wurde. We hawwe dat bewust yn beide gefallen net dien, want dan makkest de minsken wer wekker. Boppedat, yn Ljouwert wiene de minsken al twa kear warskôge. Yn de earste NL-Alert stie de strjitnamme Dennenlaan. Dy bestiet net yn de stêd en dêrom gie der noch in twadde melding mei de korrekte strjitnamme Dennenstraat út.
In ôfmelding as it gefaar foarby is, soe dan de tredde nachtlike NL-Alert wêze yn Ljouwert. Dêr hawwe we net foar keazen. Oerdeis soene je wol earder kieze foar in ôfmelding."