Grutte ynternasjonale loftmachtoefening boppe Fryslân set útein

Op de fleanbasis Ljouwert begjint moandeitemoarn de ynternasjonale fleanoefening Frisian Flag. Militêren út binnen- en bûtenlân oefenje de kommende tiid twa kear deis ferskate fleanmanoeuvres.
In F-35 fan de Ljouwerter fleanbasis © ANP
Alle dagen geane sa'n tritich tastellen de loft yn tusken 8.00 en 17.00 oere om te oefenjen boppe de Noardsee en it loftrom boppe Noard-Nederlân. Foar in part wurdt ek boppe it Deenske loftrom flein.
Gefjochtsfleantugen fleane boppe lân op op syn minst twa kilometer hichte. Helikopters en transportfleantugen fleane leger.

NAVO- en koälysjepartners

Oan de oefening dogge NAVO- en oare koälysjepartners mei, lykas de Feriene Steaten, Italië, Kanada en Frankryk.
De loftmachtoefening fynt alle jierren plak, altyd op de Ljouwerter fleanbasis. Allinnich de ôfrûne twa jier gong it net troch.

Belang fan de oefening

Neffens it ministearje fan Definsje wurdt der net mear as oars traind, ek net no't der oarloch is yn Oekraïne.
De oarloch jout neffens Olivier Brok, haad operaasjes fan de fleanbasis, wol it belang fan de oefening oan. "De oorlog speelt zeker mee in het achterhoofd. Dat het dus best wel een keer echt kan zijn."

Utstjit en lûdsoerlêst

Foar it earst wurdt ek de útstjit fan de fleantugen metten. By tal fan hûzen binne spesjale kastkes pleatst om de útstjit fan fynstoffen te mjitten.
Snein, de dei foar Frisian Flag, wie der in stilteprotest tsjin de oefening. De aksjefierders binne it net iens mei de lûdsoerlêst en de smoargens dy't de fleanbasis feroarsaket.
Frisian Flag duorret oant en mei freed 8 april.