Ien ferwûne by grutte brân yn Ljouwert; acht wenningen ûnbewenber

By in grutte brân oan de Dennenstraat yn Ljouwert is yn de nacht fan snein op moandei ien persoan ferwûne rekke. Omlizzende wenningen binne ûntromme en ûnbewenber.
Wurdfierder Marko Kinderman fan de brânwacht:
De brân ûntstie om likernôch 2.25 oere op de boppeste ferdjipping fan in portykflat. Fuort nei't melding dien waard fan de brân, sloegen de flammen al út it gebou.
It bestriden fan de brân wie dreech, omdat der gas frijkaam yn de wenning dêr't de brân wie. Doe't netbehearder Liander it gas ôfsletten hie, koe de brânwacht it gebou yngean om dêr ek te blussen.
De flammen sloegen al gau út it gebou © Kappers Media
Om 6.15 wie de brân ûnder kontrôle.
De ambulânse hat ien persoan mei reekklachten nei sikehûs MCL ta brocht. Dy is yntusken wer thús.

Unbewenber

Tweintich wenningen yn de buert fan de portykflat binne ûntromme. De bewenners binne opfongen yn in gebou fan de scouting.
Acht wenningen binne net mear te bewenjen. Foar dy bewenners wurdt ferfangende wenromte socht. Bewenners fan de oare tolve wenningen binne wol wer nei hûs ta.

Twa kear NL-Alert

Fanwege de reek waard der ek in NL-Alert ferstjoerd. Dat gebeurde twa kear, omdat de strjitnamme yn it earste berjocht ferkeard neamd waard.